Telefoanstoaring KPN Akkrum

© Omrop Fryslân
Sa'n 200 húshâldens yn Akkrum hawwe in dei lang sûnder telefoan sitten. It gie om in steuring yn de oanslutings fan KPN, dy't nei alle gedachten ûntstien is omdat der focht yn in koperen kabel kaam. Dat focht koe der ynkomme trochdat it omhulsel fan de kabel beskeadige rekke wie.
De húshâldens yn Akkrum sieten sûnt tiisdei sûnder telefoan, de steuring wie woansdeitemiddei ferholpen.