Skuon Jong Oranje wurde keunst

12 sep 2007 - 15:16
Foto: Omrop Fryslân

De 22 fuotbalskuon dy't de spilers fan Jong Oranje oanhiene by de finale fan it EK fuotbal wurde ferwurke yn keunstwurken. Trener Foppe de Haan en keunstner Alfred H. Stucki ha dit plan woansdei buorkundich makke.

De Haan hat alle spilers yn in sms-ke frege om de skuon yn oktober by him yn leverjen. Stucki sil meubelstucki's fan de skuon meitsje. Dy sille ferkocht wurde. De opbringst is foar it Foppe Fûns.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)