Mear les oer Fryske skiednis
Skoalbern moatte mear leare oer de Fryske skiednis. Histoarysk sintrum Tresoar hat dêrom in nij lespakket makke dat de hichtepunten fan de Fryske histoarje beljochtet.
Yn Frentsjer is woansdei it lespakket Kaarten op Tafel presintearre. Yn de lessen op basisskoallen kin de Fryske skiednis mei help fan kaarten fan de provinsje taljochte wurde.