Aris: Booker ferfangt Smith

12 sep 2007 - 10:30
Roy Booker sil Omni Smith by Aris Friesland ferfange

By basketbalklub Aris Friesland giet Omni Smith om persoanlike redenen werom nei Amearika. De seleksje fan Aris is noch mar dik twa wiken yn training, mar Smith hat no al besletten werom te gean.

Hy wurdt ferfongen troch Roy Booker. Booker is 24 jier en spile ûnder oare yn Turkije. Ek spile hy by twa ABA-teams, de twadde profkompetysje yn Amearika neist de NBA.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)