Nij plysjeburo foar binnenstêd

11 sep 2007 - 21:26

De plysje moat wer in buro yn de binnenstêd fan Ljouwert krije, fynt plysjesjef Marc Jacobs. Hy lit útsykje oft dat op koarte termyn mooglik is. De plysje wol graach nij bouwe op in goed sichtbere lokaasje.

Yn 2003 gie it plysjeburo op it Hofplein ticht omdat de gemeente it gebou brûke woe. It nije buro oan de Gardernierswei is net ideaal - fynt Jacobs - guon Ljouwerters kinne dat buro net iens fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)