NHL-baas Kuipers fuort

Frans Kuipers
Frans Kuipers ferlit yn de rin fan dit stúdzjejier de Noardelike Hegeskoalle. De foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fynt dat it tiid is om it stokje troch te jaan oan in opfolger.
Hy hat fan de 20 jier dat de NHL bestiet, 14 jier lieding jûn oan de hegeskoalle. Pas as der in opfolger foar him fûn is, giet Kuipers ek echt fuort. Kuipers tinkt dat de NHL in moaie takomst hat mei de nije kenniscampus.