Undersyk nei skipswrak Waad

Rykswettersteat docht ûndersyk nei in histoarysk skipswrak dat ticht by de sluzen fan Koarnwertersân yn de Waadsee leit.
By de Doove Balg lizze meardere âlde wrakken op de seeboaiem, mar dit skip leit sa ticht by de spuisluzen dat Rykswettersteat it der graach wei ha wol. Dûkers sille oar jier besjen oft it om in monumentaal wrak giet of net. As it in bysûnder skip is, wurdt it yn syn gehiel boppe wetter helle.