Bennerpriis foar Le Roy

Le Roy oan it wurk
Keunstner Louis Le Roy út Oranjewâld is de winner fan 'e provinsjale Gerrit Bennerpriis. Hy krijt de takenning foar syn hiele oeuvre. It libbenswurk fan 'e 83-jierrige keunstner en filosoof Le Roy is de Ekokatedraal yn Mildaam dy't makke is fan âlde klinkers, trottoirbannen en oar ôffal.
Yn de jierren sechstich waard Le Roy yn de hiele wrâld bekend troch syn fernijende ideeën oer grienfoarsjenning yn stêden.