Ekstra beammen yn doarpen

© Omrop Fryslân
De Blesse en Blesdike wurde oanklaaid mei beammen, boskjes en beamwallen. De gemeente Weststellingwerf ynvestearret dêr 253.000 euro yn. Pleatslik Belang sil der in wurkgroep foar opsette.
Yn de hjerst fan takom jier moat de oanplant begjinne. It makket diel út fan it projekt 'Dorpen in het groen' fan de gemeente Weststellingwerf. Earder waarden Nijeholtpea, Steggerda en Ter Idzert oanklaaid mei strewelleguod.