Hústest foar feilich wenjen

11 sep 2007 - 16:02

Fryske wenningkorporaasjes hawwe in hústest makke foar selsstannich wenjen. De test is te finen op ynternet. Aldere minsken kinne sa sjen oft der oanpassings oan 'e wente needsaaklik binne. De test is foar de hierders fan 'e wenningkorporaasjes yn Boalsert en Balk ûntwikkele. Mar ek oare korporaasjes, soarchynstellings en partikulieren kinne him brûke. Doel fan 'e hústest is feilich wenjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)