Boumateriaal stellen

© Omrop Fryslân
By twa bouplakken is it ôfrûne wykein materiaal stellen. Fan in bouterrein oan de Junokade yn Ljouwert is 200 meter stroomkabel meinaam. De stellerij moat tusken sneontemiddei en moandeitemoarn west hawwe.
Yn Bûtenpost binne dieven útnaaid mei in rolsteiger, trije ferdielkasten foar stroom en trije stroomkabels. It guod lei op in terrein oan de Oude Dijk. De stellerij wie tusken freedtemiddei en moandeitemoarn.