Sonken sylboat wurdt burgen

11 sep 2007 - 10:39

Bergers hawwe tiisdei de sylboat dy't sneintemoarn sonk tusken Flylân en Skylge burgen. It skip wie troch de sterke streaming it Waad op dreaun. It skip lei op in sânbank by de Blauwe Slenk. It is earst leechpompt en doe nei in haven sleept.

It skip sonk doe't it troch in grutte golf fol wetter kaam te stean. De fjouwer opfarrenden waarden rêden mei in helikopter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)