Ofspraken oer ferkeap Nuon

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân wol by nije feroarings yn de Nuon organisaasje de mooglikheid krije om de oandielen te ferkeapjen. Dat hat deputearre Galema moandeitejûn bepraat yn de oandielhâldersfergadering fan Nuon.
Yn de gearkomste moandei is praat oer de konsekwinsjes fan it feit dat de fúzje mei Essent ôfketst is. Oer it generaal binne de oandielhalders net ûntefreden oer dat feit.