Aksje dosinten Piter Jelles

Dosinten Piter Jelles bombardearje freed de mailbox fan minister Wouter Bos.
De dosinten fan alle acht lokaasjes fan de Piter Jelles Skoallemienskip sille no freed de mailbox fan minister Wouter Bos bombardearje mei mails.
De 600 dosinten wolle dêrmei dúdlik meitsje dat in driigjende besuniging net troch gean mei. It ryk wol lânlik 85 miljoen euro besunigje op de brede skoallen. Foar Piter Jelles betsjut dat jierliks in tekoart fan in miljoen. Ek moatte der dan 15 folseine banen ferdwine.