Wer strânsporten yn H'fean

© Omrop Fryslân
De Abe Lenstra-bûlevard achter it stadion fan SC Heerenveen feroaret kommende simmer foar trije wiken yn in folslein strân. Der wurde toernoaien hâlden foar strânsporten, lykas fuotbal, folleybal en rugby.
In proef dy't dit jier hâlden waard, foldie sa goed dat it strânsport- evenemint flink útwreide wurdt. De perioade is langer en der kinne mear sporters en sporten komme. Der is lykwols noch gjin datum prikt.