Mboua skoart foar Kameroen
Cambuur oanfaller Marc Mboua (20) hat snein de winnende treffer makke yn it duel tusken de Olympyske alvetallen fan Kameroen en Marokko. Kameroen wûn de wedstryd mei 2-1. Mboua skoarde mei de holle.
De wedstryd telt mei foar de kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen takom jier yn Peking.