Trochriden nei oanriding

© Omrop Fryslân
In man (22) út Ljouwert is sneontenacht oanhâlden foar it trochriden nei in oanriding. Koart nei midsnacht waard op de Bleekleane yn Ljouwert in fytser, in Ljouwerter (29) oanriden troch in auto.
De automobilist ried nei de oanriding fuortdaliks troch yn de rjochting fan de Fiverstrjitte. De fytser foel en is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs. De dieder is yn de omjouwing fûn. Hy is ynsletten.