Auto's bekrast yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Tsientallen auto's binne yn de nacht fan freed op sneon fernield yn Ljouwert. De rûte rûn fanôf de Carel Fabritiusstrjitte, fia de Ruijsdaelstrjitte en de Hobbemastrjitte nei de Sabastrjitte en de Curacaostrjitte.
De auto's wiene bekrast, antennes en spegels wiene ôfbrutsen en in tal ruten wiene fernield, nei alle gedachten mei in bakstien. De plysje siket noch nei de dieders.