Fjochterij yn Houtigehage

© Omrop Fryslân
Der hat fjochterij west yn de feesttinte, sneontenacht yn Houtigehage. In groepke feestgongers sloech elkoar oer en wer en in Drachtster (20) is in pear kear mei in mes stutsen. Hy rûn lichte ferwûnings op.
In plysjeman dy't de groep út elkoar helje woe, krige in klap op 'e holle. De man mei it mes en de man dy't de plysje sloech binne oppakt. De oanlieding is net bekend.