Mishanneling yn Drachten

09 sep 2007 - 13:46

In 13-jierrige jonge út Meppel is sneontemiddei oanhâlden yn Drachten foar mishanneling. Hy hie op in sportkompleks rúzje krigen mei in jonge (13) út Drachten omdat er syn telefoan pakt hie. Dêrop hie de jonge út Drachten de oare in triuw yn de rêch jûn mei in rinkruk.

De fertochte sloech him doe yn it gesicht, wêrtroch it slachtoffer ferwûne rekke oan de mûle. De fertochte is oanhâlden en ferheard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)