Soad klean stellen yn Wolvegea

© Omrop Fryslân
Der binne dit wykein klean stellen fan de waskline by húshaldens yn Wolvegea. By wennings oan de Strúkheide waarden yn de nacht fan freed op sneon in soad klean stellen. Ek wie in kontener trochsocht.
Twa dupearren dienen oanjefte. Yn it iene gefal gong it om 14 klaaiïngstikken, yn it oare gefal om 16 stiks: ûnderguod, broeken, truien en jurken. In lyts part fan de klean is weromfûn oan de ein fan de strjitte.