Henk Sikma wint Damwâldloop
Hurdrinner Henk Sikma fan de Westerein hat sneon de Damwâldloop wûn. Hy wie op de tsien Ingelske milen ien minút en tolve sekonden rapper as de nûmer twa, Auke Postma.
Postma rûn yn syn eigen wenplak Damwâld in tiid fan 1.03,29. Jasper Keizer fan Sint Anne waard tredde.