Minister Rouvoet nei Fryslân

09 sep 2007 - 12:34
Foto: Omrop Fryslân

Minister Rouvoet fan Jeugd en Gezin komt moandei 8 oktober nei Fryslân foar in wurkbesite. Hy praat ûnder oare mei de boargemasters en wethâlders fan Ljouwert, Smellingerlân en Kollumerlân.

Ien fan de ûnderwerpen is de oanpak fan jeugdproblematyk. De minister praat ek mei jongeren sels.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)