Start Friesland Touring Trophy

09 sep 2007 - 12:28

Op it Saailân yn Ljouwert is sneintemiddei de earste Friesland Touring Trophy fan start gongen. Dat is in autotocht fan West-Fryslân oant fier yn Denemarken, it eardere Magna Frisia-gebiet.

De opbringst fan de tocht oer fjouwer dagen is bedoeld om jongeren mei in beheining sporte te litten. Oan de toertocht mei wedstrydkarakter dogge 40 ploegen mei, wêrûnder de Ljouwerter wethâlder Yvonne Bleize.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)