Martenahiem weriepene

09 sep 2007 - 12:22

De 14 bewenners fan Martenahiem yn Frjentsjer ha sûnt de lêste grutte ferbouwing elk in eigen badkeamer krigen mei húske en dûs. Dit wykein is it wenkompleks foar minsken mei in beheining feestlik weriepene troch boargemaster Haveman fan Frjentsjerteradiel.

Sy die dat tegearre mei Mario, de jongste bewenner. Yn de hiele Vlietstrjitte wie it feest, kompleet mei in korps.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)