Wettertaksy op proeffeart

De wettertaksy stoot de haven fan De Lemmer yn
In draachfeugelboat fan ferfierder Connexxion die sneon Fryslân oan op in testfeart by Iselmarplakken del. De boat kin 65 kilometer yn 'e oere helje. Tusken Amsterdam en Velzen fart de boat as wettertaksy.
Op 'e Iselmar sille benammen toeristen gebrûk meitsje fan 'e boat. In kaartsje kin betelle wurde mei in OV-chipkaart of in strippekaart. De provinsje moat noch mei Connexxion om 'e tafel oer de nije fartsjinst.