Winst foar ONS Snits

08 sep 2007 - 16:36

Sneonshaadklasser ONS Snits wûn de earste thúswedstriid fan it nije seizoen fan PKC '83 út Grins. De Snitsers wûnen mei 3-2 . Yn de earste helte setten Tony Alberda en Leo de Wagt de Snitsers op in 2-0 foarsprong.

De Grinzers kamen yn it begjin fan de twadde helte werom: 2-1. Tony Alberda rekke dêrnei in frije traap fan Jan van der Wal noch krekt oan: 3-1. Yn de ekstra tiid kaam de twadde PKC-goal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)