Brân Hichtum: mooglik asbest

08 sep 2007 - 14:22

By de brân op 'e Syswert by Hichtum is freedtejûn mooglik asbest frijkaam. In part fan it hiem is dêrom ôfset om de saak te ûndersykjen. Meiwurkers miljeu fan 'e gemeente Wûnseradiel fiere it ûndersyk út6.

Yn 'e loads wie ûnder oare hea opslein. De brân waard de jûns om sân oere ûntdutsen. Wat de oarsaak is fan 'e brân, is noch net bekend. De technyske resjerzje ûndersiket dat. Der binne gjin ferwûnen fallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)