Hurdriders Appelskea beboete

08 sep 2007 - 12:27
Foto: Omrop Fryslân

Sân autobestjoerders hawwe freed yn Appelskea in boete krigen omdat se te hurd riden. De plysje kontrolearre oan de Feart Súdside nei klachten fan omwenners. Dy sizze dat der faak te hurd riden wurdt, ek as de skoallen krekt útkomme. De maksimumsnelheid op dat plak is 60 kilometer yn it oere.

Yn trije kertier tiid trapearre de plysje in grut oantal minsken. De grutste oertreder ried 92 kilometer yn 'e oere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)