Flinternacht yn Fryslân

08 sep 2007 - 12:12

Yn de nasjonale flinternacht is freedtenacht op 8 ferskillende plakken yn Fryslân omtinken jûn oan flinters dy't we gewoan wei net sa maklik sjen kinne. De bistjes komme ôf op felle lampen, sjerp en rotsjend fruit.

De Krûdhof yn Bûtenpost wie ien fan de lokaasjes dêr't de flinters mei lampen en in wyt lekken lokke waarden. In soad minsken binne dêr ôfkaam op de flinternacht. Besûndere fangst dêr wie 'de witte eenstaart'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)