'Mear Fryske boeken op cd'

08 sep 2007 - 12:03

Alle Fryske topboeken moatte oerset wurde op cd. Dat wol Twadde Keamerlid Joop Atsma. Hy sei dat freed by it ferskinen fan De Oerpolder fan Hylke Speerstra op cd. Atsma hat in probleem mei syn eagen en kin dêrom min lêze. Folle mear minsken ha muoite mei (Frysk) lêzen. Troch mear boeken op cd út te bringen kin ek dizze groep genietsje fan Fryske boeken.

Taalbefoarderingssubsydzjes kinne brûkt wurde om de boeken oer te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)