Boek De Oerpolder op cd
It tige súksesfolle Fryske boek De Oerpolder fan Hylke Speerstra is sûnt freed te keap op cd as harkskiif.
De twa cd's hawwe as namme krigen Leafde en leed út de Oerpolder fan Hylke Speerstra. Want net it folsleine boek is oerset, dat soe 19 oeren oan materiaal opleverje. Der is in kar makke. Mei de harkskiif hopet Speerstra in grutter publyk te berikken.