Batavus sponsort proffytsen

07 sep 2007 - 15:07
Foto: Omrop Fryslân

Fytsefabrikant Batavus fan It Hearrenfean komt takom jier mei in nije hurdfytsploech foar profs. Batavus stapt yn by it team fan P3 Transfer Fondas. Dy ploech is no noch semy-profesjoneel aktyf op it tredde nivo yn it hurdfytsen.

Batavus hat gruttere ambysjes. Krekt as de Skil-Shimano ploech wol Batavus de twadde profploech fan Nederlân wurde, nei de ploech fan de Rabobank.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)