Ekonomysk advys oan regear

© Omrop Fryslân
Der moat in enerzjy-akkoart komme tusken it Ryk en Noard-Nederlân. Ek moat dit kabinet de kommende 4 jier bûten de Rânestêd ynvestearje. Dat skriuwt de SER Noard-Nederlân yn in brief oan it regear.
De SER-Noard Nederlân is yn july fan dit jier oprjochte en advisearret de trije Noardlike provinsjes oer it ekonomysk beliet dat se fiere moatte. Yn de ried sitte wurkjouwers, fakbûnen en ekonomysk saakkundigen.