Stekpartij yn Ljouwert

07 sep 2007 - 09:41
Foto: Omrop Fryslân

In 52-jierrige ynwenner fan Ljouwert is tongersdeitejûn oanhâlden omdat er ien mei in mes oanfallen hie. Yn de Victoriestrjitte yn de stêd hie er in 29-jierrige stedsgenoat yn it skouder stutsen.

It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat syn ferwûnings tafoelen. It mes fan de fertochte is yn beslach nommen. De plysje siket noch út wat der krekt bard is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)