Brân yn wenhûs Wjelsryp

07 sep 2007 - 09:03

Yn in hûs oan de de Greate Buorren yn Wjelsryp hat tongersdeitenacht brân west. De bewenners waarden warskôge troch smookmelders. Ien fan har hat reek ynademe en moast út foarsoarch nei it sikehûs.

De brânwacht koe foarkomme dat de brân oersloech nei it hûs fan de buorlju. Hoe't it fjoer ûntstean koe, is noch net dúdlik. Dat wurdt noch fierder útsocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)