Hearrenfean ferliest fan ADO

06 sep 2007 - 22:44

De froulju fan sportklub Hearrenfean hawwe harren twadde wedstriid ferlern fan ADO Den Haach. Yn it Abe Lenstra stadion waard it foar tûzen taskôgers 2-1 foar ADO. Foar rêst spile Den Haach better. Troch goals fan Schorel en Wilmot waard it 0-2. Koart nei rêst makke Cynthia Beekhuis de oanslutingstreffer.

Ornaris sil Hearrenfean de wedstriden op sportpark Skoatterwâld spylje, mar no wie it yn it Abe Lenstra stadion.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)