Enkête oer feilichheid jeugd

© Omrop Fryslân
Jongeren yn Noard-East-Fryslân kinne yn in enkête oanjaan oft se har feilich fiele of net. De gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân wolle dat fan de jeugd witte. De útkomsten moatte helpe om Noard-East-Fryslân noch leuker, better en feiliger foar de jongerein meitsje.
De jongeren kinne de enkête ynfulle op ynternet. Om se oan te trunen dat te dwaan, kinne se der in priis mei winne.