Skewiel nominearre foar priis

06 sep 2007 - 21:06
Apparteminten dêr't kliïnten fan Skewiel wenje

Skewiel yn Oentsjerk makket kâns op in priis foar de ynstelling dy't it bêste wenjen en soarch biedt oan âlderen. Skewiel is mei twa oare organisaasjes nominearre. It College Bouw Zorginstellingen organisearret de ferkiezing.

De priis dêr't it omgiet is in publykspriis. Minsken kinne op ynternet har stim útbringe op ien fan de trije gadingmakkers. Der hiene har 130 ynstellingen oanmelden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)