"Briefskriuwer moat him melde"

06 sep 2007 - 20:57

De heit fan Marianne Vaatstra ropt de persoan op dy't anonym in brief stjoerd hat oer de moard op syn dochter, om him of har bekend te meitsjen. Yn de brief stiet dat twa dagen nei de moard in bewenner fan it AZC yn Kollum oerbrocht is nei it AZC yn Musselkanaal. Justysje seit dat dêr gjin bewiis foar is.

Vaatstra hie dizze útkomst ferwachte, seit er yn in reaksje. Hij hat der sels syn twifels oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)