'Elektrysk farren hat takomst'

In elektrosloep
Elektrysk farren moat in belangrike stimulâns wurde foar de fierdere ûntwikkeling fan 'e plezierskipfeart yn Fryslân. Dat liet de Stichting Elektrisch Varen witte yn Grou. Freed hâldt de stichting in sympoasium tegearre mei de sektor jachtbou.
CO2-útstjit, lûdshinder en hegere brânstofprizen soargje derfoar dat it hieltyd oantrekliker wurdt om op elektrysk farren oer te gean.