Wapens yn himpkwekerij
Yn in himpkwekerij yn Ljouwert trof de plysje woansdei net inkeld de planten, mar ek fjoerwapens oan. De wyt stie yn in flatwente oan 'e Gealannen, yn it noarden fan 'e stêd. Op de earste ferdjipping stiene goed 150 himpplantsjes mei kweekapparatuer.
De plysje kaam de plantaazje op it spoar nei in klacht oer wetteroerlêst. By de fjoerwapens leine ek kûgels.