Resten kleastertsjerke Dokkum

Op de Merk yn Dokkum binne argeolyske fynsten dien dy't mooglik fan grutte histoaryske wearde binne. It giet nei alle gedachten om de fundearing fan in kleastertsjerke. Op it plak fan 'e fynst komt in winkel mei dêrboppe apparteminten. Saakkundigen sille de resten besjen. As se fine dat der ekstra ûndersyk dien wurde moat, kin dat de bou fertraagje. De arsjitekt kin de fundearing yn it ûntwerp ferwurkje.