Soad hurdriders yn Wytmarsum

© Omrop Fryslân
Yn Wytmarsum binne woansdei yn trije oeren tiid 169 hurdriders op 'e bon slingere. De kontrôle waard útfierd nei oanleiding fan klachten fan bewenners. Op de Arumerwei yn it doarp mei mar 50 riden wurde, mar der wurdt eins altyd te hurd riden.
Ek op de Weersterwei by Wûns waard kontrolearre. Fan 'e 800 auto's riden goed 200 te hurd. Koprinner wie ien mei 150 km yn 'e oere dêr't 80 mei.