Noardburgumer twa kear oppakt

© Omrop Fryslân
In 36-jierige ynwenner fan Noardburgum is woansdeitenacht twa kear oanhâlden. Earst waard er trapearre doe't er mei tefolle alkohol op achter it stjoer siet. Hy hie trije kear safolle dronken hie as tastien. De man moast syn rydbewys ynleverje en mocht acht oeren lang net achter it stjoer sitte.
Goed in oere letter seach de plysje de man wer riden. It levere him in prosesferbaal op en no moast er ek syn auto ynleverje.