Fryske Gea jout tipjild

05 sep 2007 - 22:14

It Fryske Gea jout 500 euro tipjild om de brânstifting fan in fûgelhut yn de Lendevallei op te lossen. Op 15 maaie baarnde de fûgelhut folslein ôf. De dieder of de dieders binne noch net fûn. De plysje seit dat it ûndersyk fêst sit.

It Gea wol graach dat de saak oplost wurdt. Direkteur Hosper seit dat it gjin doel hat om in nije hut te bouwen as net bekend is wa't ferantwurdelik is foar de brânstifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)