Betide skoalferlitters oanpakt

© Omrop Fryslân
Sa'n trijehûndert jongeren yn Smellingerlân dy't te betiid fan skoalle gien binne, moatte har melde by de gemeente. Se krije allegear in brief wêryn de gemeente har freget wêrom se mei skoalle opholden binne en wat se no dogge.
De jongeren dy't noch learplichtich binne, wurde twongen wer nei skoalle te gean. Smellingerlân is ien fan de earste gemeenten yn Nederlân dy't dit sa docht.