Boartershal yn Drachten

05 sep 2007 - 17:42

Yn Drachten is woansdei in boartershal iepene foar bern. De hal stiet yn it rekreaasjegebiet De Naturij. Troch de hal kinne bern no ek yn de winter binnen boartsje.

De hal kostet fjouwerhûnderttûzen euro. De Naturij hat lang dwaande west om de finansiering rûn te krijen. Yn de hal kinne sawat twahûndert bern tagelyk boartsje. Boargemaster Middel fan Smellingerlân hat it kompleks woansdei iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)