Sedefertochte langer fêst

05 sep 2007 - 17:16

De 47-jierrige Jouster dy't snein oanhâlden is, bliuwt noch twa wiken langer fêstsitten. Dat hat de rjochter besletten. De man soe berneporono sjen litten ha oan twa lytse jonkjes.

Der wurdt noch mear ûndersyk dien, mar ek it gefaar dat de man opnij yn de fout giet weaget mei. De man lokke snein twa jonkjes syn hûs yn, mei it ferhaal dat se wat lekkers krije soene. Plysje en gemeente hâlden him al lang yn de gaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)