Golfbaan by Grou tichtby

05 sep 2007 - 12:15
Foto: Omrop Fryslân

De komst fan in golfbaan by Grou liket wer in stap tichterby. Tiisdeitejûn binne de plannen presintearre en de gemeente Boarnsterhim reagearre dêr net negatyf op.

It is de bedoeling dat der njonken de golfbaan fyftich rekreaasjewenten en in hotel komme. Boppedat moat der in haven komme mei hûndert oanlisplakken. De ynvestearders wolle yn 2009 mei de bou begjinne. It kolleezje en de ried moat noch wol akkoard gean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)